Line up

Las Bandidas

We hawwe dit jier twa bands dy ’t der wer in moaie jûn fan meitsje sille. ‘Las Bandidas’ trapet ôf mei rockhits út de jierren ’60 en ’70. En wy kinne dy fertelle dat se de tinte wol los krije sille! Dizze fiif enerzjyke froulju witte wol hoe at se in feestje bouwe moatte. Let’s Rock & Roll!

 

De Rockstieren

Dernei set de band ‘De Rockstieren’ de boel op ‘e kop. Dit binne fiif hearen “uut Drenthe” dy’t al san 20 oant 30 jier podiumerfaring hawwe. En se rocke der noch hieltyd hurd op los. Se spylje de bekende evergreens mar hâlde ek wol fan it stevigere wurk. Ek de nûmers fan de boerenrock binne harren net ûnbekend.