Skiednis

Der wie ris in famke wa’t oegriselik sljocht wie mei de band JITIIZER! Mar jammer genôch is dizze band stoppe. Se hiene tasein noch ien kear by har thús del te kommen. Dit wie fansels geweldig mar dit moast fansels ek dielt wurde mei freonen en alle maten! Der moast in feestje komme, in túnfeest ofsa. Har beste maten moasten dit ek belibje, mar ek de maten dêrfan mochten mei komme.. En de maten dêrfan..

Sa waarden de ideeën hieltyd grutter en grutter en hat se fersterking ynsetten. Tegearre mei 2 maten hawwe se doe mei syn 3en in moai feest delsetten yn’e skuorre thús. Sa’n 350 besikers oer’e flier!

Yn 2012 hiene we dus in grut sukses mei de Jitiizer reuny!

Stainless en Noaderein hawwe de jun startten en dernei in optreden fan JITIIZER!!  Nei JITIIZER hawwe de mannen fan Stainless der noch in moai feest fan makke!

Omdat dit it hiele jier troch foar safolle reaksjes soarge dat der kommend jier wer in feest komme moast, binne we it jier dêrnei starten mei ‘Rocknacht Easterein’.

SCRUM hat de earste kear optreden, en we ferwachtten dan dit jier ek minstens 500 man. Dit koene we net mear yn’e loads hâlde dus is der in grutte feesttinte yn’t lân komme te stean.

Ja as we wat dogge, dogge we it goed!

Rocknacht Easterein hat as doel der gjin standaard tintefeestje fan te meitsjen mar wol te soargjen foar in soad wille en de priizen sa folle mooglik ‘leuk’ te hâlden. Sa binne der ek allegear aksjes, tsjek de site.

17 maaie 2012: Jitiizer reuny mei ‘Jitiizer’, ‘Stainless’ en ‘Noarderein’.
18 maaie 2013: Rocknacht Easterein mei ‘Scrum’ en ‘NNB’
 10 maaie 2014: Rocknacht Easterein mei ‘Kiek now us’ en ‘Jitiizer’!

Ik soe sizze, kom nei ‘ROCKNACHT EASTEREIN’ en lit jim ferrasse!